BBQ Partij 30 april 2017
Der waard hjoed keatst yn twa klassen. 'Senioarenklasse' en de 'Keetklasse'. It wie foar in soad keatsers wer efkes sykjen nei 'it tikje' om de bal oer de boppe te krijen en nei de perfekte opslach moast ek wer efkes socht wurde. De measte partijen giene gelyk op en je koene al gau sjen dat elts syn technyk wer wat werom fûn. It wie moai om te sjen dat der wer prachtige sitballen en fiere boppeslagen slein waarden. Oan it ein fan ‘e dei giene de priiswinners der mei prachtige pakketten fan Bakkerij Sypersma fan troch. By de bern waard der hjoed muorrekeatst. Der stiene 7 toppers op 'e list dy’t de earste muorrekeatspartij mar al te graach winne woene. Foar de measte bern wie dit spultsje nij en moast it efkes wenne, mar al gau hiene se yn de gaten hoe at it spultsje wurke en waard der fanatyk keatst. Nei de finales gie de BBQ, fersoarge troch ús sponsor Wiersma Tentenverhuur-Partyverhuur-Catering oan en waard de earste ledepartij ûnder it genot fan in drankje en in stikje fleis evaluearre. It wie wer in moai begjin fan it keatsseizoen en we hoopje eltsenien fansels by ús kommende ledepartij wer op it fjild te sjen. Priiswinners: Senioarenklasse 1e priis: Jan Reitsma en Jelmer van der Valk 2e priis: Hidde Jonker en Ilse Noorman 3e priis: Klaas Goodijk en Jesse Cuperus Keetklasse 1e priis: Rutger Fopma en Jurian Tolsma 2e priis: Jente Muller en Jouke Wiersma 3e priis: Reinder Bonekamp en Henri Stoppels Muorrekeatsen jeugd 1e priis: Tjitte Reitsma 2e priis: Ruben Kauffmann 3e priis: Thyme Jonker
Geplaatst op 02 May 2017